De Golden Oldies 13 nov. 2025.

Gemeente

We ha hjoed in puzzeltocht mei auto’s op it programma stean. De start wie om 9.30 oere fanôf de iisbaan. It Doelhof wie blokkeard. Omtrint 30 minsken hiene har opjûn. It wie de bedoeling dat sy de tocht ride neffens de opdrachten dy’t op papier stienen. De measten diene dat ek wol, mar guon giene links yn stee fan rjochts en kamen bij Overwijk yn de Tijnje terjochte. In oaren ien kaam op in boerehiem út. 

Fia Lúkswâld, De Lytse Wyngaarden en Bontebok kamen we yn Katlyk. We ha dêr efkes stilstien  by de Thomastsjerke en de klokkestoel. 

De kweade geasten wurde dêr noch altyd tusken 21 en 31 desimber fuortjage.
Op ien fan de klokken stiet no de folgjende tekst :

 

Ik ha hjir mar in klokkestoel, gjin toer
Dochs galmje ik it de fjilden oer.
Gjin libbensskipke leit goed fêst
As ‘t anker net yn Kristus rêst
1944 de Dútskers binne kommen
Hja ha de âld klok hjir nommen.
1952 No joech men my út mienskipssin
‘k Lied bliid myn lûd de himel yn.

D’r stie yn Katlyk kofje en cake foar ús klear. Nei dizze stop gie it aloan fierder nei de kathedraal fan Le Roi yn Mildam. Guon ha dêr neat fan sjoen en bin dêr samar oan foarby gien. It tempo lei ek frij heech. Dêrnei gie it fia de Schoterlandse weg en smelle bospaadsjes nei Oranjewâld. Hjir koene we noch efkes kuierje en âlde herinneringen ophelje oan de net mear besteande boarterstún dy’t foar in protte  fan ús in soad betsjutten hat. Tink mar oan de wetterbrêge, it doalhôf en de lachspiegels. Gerrit Waringa joech noch in moaie oanfulling oer nijsgjirrige boartersapparaten.
Doe wer nei Boarn. Dêr krigen we sop en in hearlik broadsje.
We ha in prachtige moarn hân. Guon fan ús binne fan doel om dizze route ek nochris te fytsen.

Vorig bericht
Peuter- en kleuterdienst 9 november
Bekijk ook
Peuter- en kleuterdienst 9 november
Kerk in de steigers
ontbijt
Terugblik op de startzondag